Hippo Regius
Hippo Regius, ek bekend as Hippo of Hippone is de âlde namme fan de hjoeddeistige stêd Annaba yn it noardeasten fan Algerije oan de Middellânske See. It wie in wichtige stêd foar de Fenysjers, Berbers, Romeinen en Fandalen. Hippo wie de haadstêd fan it Fandaalske Ryk fan 435-439 n.Kr. Dêrnei waard Kartago de haadstêd nei't dy yn 439 troch de Fandalen ynnommen waard.
Yn Hippo waarden der ferskate ierkristlike konsyljes holden en it wie it thúsplak fan ien fan de wichtichste biskoppen yn de kristlike skiednis, de hillige Augustinus fan Hippo.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hippo is de latinisearre foarm fan it Punyske ʿpwn (Punysk: 𐤏𐤐𐤅𐤍) dat mooglik besibbe wie oan it wurd ûbôn, dat "haven" betsjut. It plak waard stifte troch Fenysjers fan Tyrus yn de tolfde iuw f.Kr. Om ûnderskaat te meitsjen fan Hippo Diarrhytus, it hjoeddeistige Bizerte yn it noarden fan Tuneezje, neamden de Romeinen it Hippo Regius ("Keninklik Hippo"), om't it de residinsje fan de Numidyske keningen wie.
Hippo wie in havenstêd by de mûning fan de rivier de Ubus yn de Middellânske See. De stêd waard in Romeinske colonia en kaam ta grutte bloei en waard de wichtichste stêd yn Romeinsk Afrika. It plak is faaks it meast ferneamd as it bisdom fan de hillige Augustinus fan Hippo. Yn 430 n.Kr. lutsen de Fandalen eastlik by de kust fan Noard-Afrika del en belegeren de ommuorre stêd Hippo Regius. Yn de stêd bidden Augustinus en syn preesters dat se sparre bliuwe mochten fan de oanfallers, want se wisten wol dúdlik dat wannear't de stêd falle soe, se fermoarde wurde soene of dat se harren bekeare moatte ta it arianisme. Op 28 augustus 430, doe't de stêd al trije moanne lang belegere waard, ferstoar Augustinus yn de âldens fan 75 jier, mooglik troch ferhongerjen of stress. De weet yn it weetlân lei der mar wat by want it waard net rispe. Nei 14 moanne fan honger en sykten dy't de stêd pleagen, foel de stêd en Geiserik, de Fandaalske kening, makke it de earste haadstêd fan it Fandaalske Ryk oant Kartago yn 439 troch de Fandalen oermastere waard.
De stêd waard troch de Byzantinen yn 534 oermastere yn de Fandaalske Oarloch, doe't de Fandaalske gebieten ynlive waarden troch it Byzantynske Ryk (Eastromeinske Ryk). Yn 698 waard de stêd troch de Arabieren oermastere en dy bouden de stêd yn de achtste iuw fannijs op. Fan doe ôf waard de stêd bekend ûnder syn nije (Arabyske en koloniale) nammen.
Sa'n trije kilometer fierderop stiften de Berberske Siriden yn de alfde iuw it plak Beleb-el-Anab. De Spanjerts besetten it plak trije jier lang yn de sechtjinde iuw. Yn 1832 kaam it ûnder Frânsk bestjoer en waard it plak Bône of Bona neamd, en waard it ien fan de bestjoerssintrums fan it departemint Constantine yn Algerije. It hie doe 37.000 ynwenners, dêr't 10.800 oarspronklike bewenners (9.400 moslims en 1.400 naturalisearre Joaden) fan wiene. 15.700 wiene Frânsken en 10.500 wiene minsken om utens wêrûnder in soad Italjanen.
Bisdom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hippo wie in bisdom dat ien fan de suffraganen yn de eardere Romeinske provinsje Numydje wie. Sûnt Frânsk koloniaal bestjoer foel it ûnder it bisdom Constantine. Wat der hjoed-de-dei fan de âlde stêd oer is, binne in stikmannich ruïnen, in sikehûs, dat troch de Lytse susters fan de earmen boud waard, en in moaie basilyk dy't oan Sint-Augustinus wijd waard. Under Augustinus wiene der op syn minst trije kleasters yn it bisdom njonken it biskopskleaster.
Konsylje fan Hippo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der waarden trije konsyljes holden yn Hippo (393, 394, 426) en in stikmannich synoaden. Op syn minst ien of somtiden twaris yn it jier kamen de Afrikaanske biskoppen byinoar.
Titulêr bisdom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bisdom Hippo waard yn 1400 as in titulêr bisdom fannijs oprjochte. It hold lykwols op 23 septimber 1867 op te bestean, doe't it offisjeel part fan it bisdom Constantine waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |